Lanlike demonstraasje tsjin oerheid yn Ljouwert

Yn Ljouwert demonstrearje sneon inkelde hûnderten minsken mei giele hesjes oan. Se fiere aksje tsjin it belied fan de regearing. Sa wolle se ûnder oare dat de AOW leeftiid wer werom giet nei 65 jier en wolle se dat de btw-ferheging weromdraaid wurdt.
Demonstraasje fan 'giele hesjes' yn Ljouwert
Om 12.00 oere sammelen de ûngefear 300 aksjefierders by it WTC Expo yn Ljouwert. Se ha spandoeken, buorden en flaggen by harren, dêr't se ferskate teksten op skreaun hawwe. De aksjefierders komme oeral wei, sa kamen der ek twa bussen mei aksjefierders út Maastricht. Se binne fan it WTC nei it sintrum ta rûn. Underweis ha se noch koart de rotonde by it Hoeksterend blokkearre.
De giele hesjes demonstraasjes binne oerwaaid út Frankryk. Dêr begûnen de demonstraasjes nei ferheging fan de benzinepriis.