Teloarstelling by SC Cambuur, mar: "Gestreden tot de laatste minuut"

02 mrt 2019 - 13:45

Teloarstelling by SC Cambuur nei it 0-0 lykspul fan freedtejûn tsjin TOP Oss. De Ljouwerters begûnen oanfallend oan de wedstriid en setten TOP Oss fêst op harren eigen helte. Dochs koe Cambuur gjin grutte kânsen kreëarje. Trainer René Hake baalde fan it resultaat, mar seach wol in striidber SC Cambuur.

Reaksjeartikel Cambuur René Hake

René Hake baalde fan it resultaat, want Cambuur sjit net in soad op mei it 0-0 lykspul. Mar de trainer hat wol sjoen dat syn ploech der alles oan dien hat om te winnen: "Natuurlijk moet alles beter, want 0-0 wil je liever niet. Maar ik heb een ploeg gezien die gestreden heeft van de eerste tot de laatste minuut. Dat is ook heel belangrijk, omdat bij de supporters het gevoel er is dat dat niet gebeurt. Maar ik heb vandaag een Cambuur gezien dat tot het eind voor de winst heeft gestreden zonder hoogstaand te voetballen."

It fuotbaljen wie dreech tsjin TOP Oss. Dy ploech spilet nochal ferdigenjend en dêr hie de ploech fan Hake muoite mei. "In de beginfase kwamen we wel een paar keer goed door. Dat werd statischer in de eerste helft. Dan hoor je het geroezemoes in het stadion. Dan weet je dat het kijkspel niet heel hoog is. Maar we zitten in een moeilijke fase en we kunnen niet zomaar de boel opengooien", seach Hake.

De twadde helte barde der krekt wat mear en kreëarre Cambuur wat lytse kânskes. Hake: "Na rust hebben we, op de eerste twee minuten na, een goeie fase gehad. Het publiek ging er vol achter staan en ik had het idee dat dat de ploeg hielp. Maar we waren niet goed genoeg om echt grote kansen te creëren."

Reaksjeartikel Cambuur Kevin Jansen

It wie foar Cambuur in lestich duel om te spyljen. TOP Oss spilet mei fiif ferdigeners en wachtet op de counter, seach ek middenfjilder Kevin Jansen. "We hadden veel de bal, maar je ziet dat Oss eigenlijk met acht man in de zestien staat te wachten. Daar moesten we op inspelen, maar het balletje viel helaas niet goed."

De supporters lieten foar de wedstriid mei in spandoek harren soargen hearre. Soargen dy't begrepen wurde troch Jansen. "Ik snap dat de fans teleurgesteld zijn dat we niet hebben gewonnen, maar ik denk wel dat we strijd hebben laten zien en de goede wil hebben getoond."

Reaksjeartikel Cambuur Alex Bangura

Bangura makket basisdebút

It wie foar Alex Bangura in bysûndere jûn. De jonge oanfaller stie foar it earst yn syn fuotbalkarriêre yn de basis. Bangura spile twa seizoenen by Feyenoord, makke de oerstap nei de beloften fan Cambuur en sûnt de winterstop makket hy ûnderdiel út fan de earste seleksje.

It basisdebút is de bekroaning foar Bangura: "Dat is een hele mooie stap in je carrière, maar ik had hier liever gestaan met drie punten. Dit is het resultaat van het harde werken dat je doet."

By de lêste training foar de wedstriid tsjin TOP Oss krige Bangura troch dat hy wol ris yn de basis begjinne koe. "Ik kreeg het hesje en zo wist ik dat ik vandaag zou starten."

Mar, maklik wie it net. Cambuur draait op it stuit net goed en dan is it lestich om as jonge spiler dêr je stimpel op te drukken, sa fernaam Bangura. "Je probeert je best te doen. Het enige dat je kan doen is hard werken en ik vind dat we dat wel deden."

(Advertinsje)
(Advertinsje)