Longarts Tjongerschans neamd yn dopingsaak hurdriders

Trije hurdriders sizze dat se astmamedisinen nommen ha, wylst se gjin astma hawwe. Se soene de medisinen fan ferskate longartsen krigen hawwe, tusken it jier 2000 en 2010, dat meldt de Volkskrant sneontemoarn. Yn it artikel wurdt ek longarts Jaap Westbroek fan sikehûs Tjongerschans op It Hearrenfean neamd.
Longarts Tjongerschans neamd yn dopingsaak hurdriders
It giet om in middel dat astmapasjinten helpt oan mear lucht by it sykheljen. It soe ek spierfersterkjend wurkje, dus dêrom is it in ferbean middel foar sporters. Longartsen út ferskate sikehuzen soene de medisinen jûn ha oan de sporters, en dêrmei hawwe se de dopingwet oertrêden. Yn it artikel wurdt ek longarts Jaap Westbroek fan sikehûs de Tjongerschans op It Hearrenfean neamd. Hy wie arts by de VPZ en DSB hurdridersploegen.
De trije langebaanriders fertelle it ferhaal anonym yn de Volkskrant. Westbroek sprekt de beskuldiging tsjin.

Reaksje Tjongerschans

De wurdfierder fan it Tjongerschans sikehûs, Daan van den Broek, seit it te betreurjen om sa yn it nijs te kommen, mar fynt it ek sinfol foar de sport om hjir trochgeand debat oer te fieren. Ek lit er witte dat Westbroek gjin oertrêding begien is, mar fierder kinne se dêr neat oer sizze, omdat Westbroek him net ynhâldlik oer medyske dossiers útlitte mei.
Wurdfierder Tjongerschans Daan van den Broek