Veenker op achttjinde plak WK Bobslydzjen

02 mrt 2019 - 10:44

Bobslider Dennis Veenker fan it Hearrenfean is sneontemoarn op it WK Bobslydzjen yn it Kanadeeske Whistler yn de twamansbob op it achttjinde plak einige. De eintiid nei de earste runs: 1.43.74.

Foto: IBSF

De Feanster krige in plak in de twamansbob, tegearre mei piloat Ivo de Bruin. De twa kamen sneontemoarn om 02.00 oere Nederlânske tiid foar it earst yn aksje op it WK. De twamansbob gie twa kear nei ûnderen. De earste tiid dy't se delsetten wie 51.74. De twadde tiid wie 52.00. Dêrmei einigen se yn 'e middenmoat, op it achttjinde plak. De Dútsers Thorsten Margis en Francesco Friedrich stean nei de earste runs op it earste plak mei in tiid fan 1.42.31.

Sneintemoarn binne de finaleruns, dan komme de bobsliders wer yn aksje yn de twamansbob. Op 9 en 10 maart komme de Nederlanners mei de fjouwermansbob yn aksje.

Trefwurden: 
WK Dennis Veenker bobslydzjen
(Advertinsje)
(Advertinsje)