Omrop TIP: Amelân; in eilân yn beweging

02 mrt 2019 - 09:11

It Amelân is mear as in populêre fakânsjebestimming tusken it Waad en de Noardsee, dêr't jierliks tsientûzenen minsken harren fakânsje fiere. Op de grins fan see en it eilân besiket in grut tal fûgels te oerlibjen en harren piken grut te krijen.

Foto: Omrop Fryslân

Richard Kiewiet bewekket oer in jong natuergebiet dat dynamysk meibeweecht op it ritme fan it tij en Theo Beijaard, de motorisearre hoeder fan De Vennoot, hâldt de wacht oer it fee op it Neerlands Reid; in grutte kwelder op de eastkant fan it eilân.

Natuerkrêften

It wurdt se net maklik makke mei hieltyd rûger foarjierswaar en de gefolgen fan in hast leechpompte gasbel. Op in plak dêr't skynber allinnich natuerkrêften hearskje, fertelle eilanners oer harren wurk te midden fan dat krêftfjild. Dat alles is te sjen tsjin de eftergrûn

De Fryslân DOK dokumintêre 'Amelân; in eilân yn beweging' is snein 3 maart fan 17.00 oere ôf alle oeren te sjen by Omrop Fryslân op telefyzje.

(advertinsje)
(advertinsje)