Kollum: De antyheld

"As je troch hokker reden dan ek ferneamd wurde, is dat foar de measte minsken dy't dêr nei stribje in lekkere bykomstichheid. Je wurde op strjitte werkend, stikem fine de measte bekende minsken dat wol spannend. Yn it longerjen nei sukses en bekend wêze geane minsken soms hiel fier.
Ferdinand de Jong © Omrop Fryslân
De toan fan Ferdinand de Jong - De antyheld
Se litte harren as BN'ers yn de dop op in eilân of oare tropyske lokaasje filmje, wylst se harren relaasje teste. En dêr sjogge dan ek noch wer minsken nei, dy't grif graach op dat plak sitte wollen hiene. Ik kom ek wolris mei myn kop foar in kamera, soms sjogge minsken my earne yn in winkel oan as seagen se wetter brânen. Foar my fielt dat frijwat ûngemaklik, ik bin mar gewoan mysels.
Bekend wurde is faaks tafal. Je piele wat mei kompjûters om en fan de iene op de oare dei binne jo as Bill Gates ien fan de rykste en bekendste minsken op de wrâld. Of je komme der achter dat je hiel hurd drave, goed mei in fuotbal omgean of grappen betinke kinne dêr't de minsken om laitsje. As je ienkear bekend binne, is dat yn in soad gefallen maklik. Ik tink net dat Mark Rutte faak syn bakje kofje betelje hoecht. Bekende minsken ite en sûpe faaks fergees, omdat it foar de restauranten reklame is as sy dy ferneamde gast yn harren útspanning krije. Sa skyt de duvel dus altyd op de grutte bult.
Je ha ek minsken dy't tsjin wil en tank bekend wurde. Minsken dy't dêr eins hielendal net op sitte te wachtsjen, mar it oerkomt harren. Der binne bekende minsken dy't totaal net mei it bekend wêzen omgean kinne. Yn kombinaasje mei in soad jild om hannen ha, is it geregeld in fruchtbere boaiem foar eksessen. Drank, drugs en mear fan dat soarte útflechten. De foarbylden binne talleas. As je de ferneamde klup fan 27 ris trochljochtsje, komme je ta de konklúzje dat in part dy ferneamde muzikanten de wielde net oankoene. Janis Joplin, Jimi Hendrix, Kurt Cobain, Amy Winehouse, ik neam mar wat foarbylden. Allegearre dea foardat it libben eins noch begjinne moast.
Wat moat it in geweldich gefoel jaan as je it fermogen ha om josels ûnder dy druk wei te libjen. Earlik sein kin ik net in soad foarbylden, mar ien is yn dit gefal genôch. Dizze wike ferstoar Mark Hollis. Ik gok dat in soad fan jim net witte wa dat wie. Dat komt omdat dizze briljante komponist en sjonger fan de baanbrekkende band Talk Talk lak hie oan stjer wêzen. Hy wie sa a-typysk as ien wêze kin. As er gjin nocht oan in ynterview hie, sei er gewoan neat. Neffens my hat hy Eric de Zwart in kear folslein negearre doe't dy him wat frege.
Jim kinne it ûnfatsoenlik neame, mar Mark Hollis hie gewoan neat mei it bekend wêzen. Hy makke muzyk. Earst foar it grutte platelabel EMI, want Talk Talk makke hit nei hit en dêr wiene de platebazen wiis mei. Dus Mark Hollis mocht dwaan wat er woe, mar neidat er it album The Coulour of Spring folgje liet troch it frijwat briljante Spirit of Eden, wie it dien mei de leafde. Gjin hits fan fjouwer minuten, mar prachtich boetsearre komposysjes. It makke Hollis neat út. Hy soe noch twa albums meitsje, ien mei de band ien solo, dêrnei hearden syn fans nea wer wat. Hy luts him folslein werom yn de anonimiteit. It boeide him net, al dy oandacht. Hy wie muzikant, sjonger en komponist. Alle fersiken om de band nij libben yn te blazen wiene fergees. Mark Hollies waard in mytysk figuer, syn eigen bandleden hiene sels amper kontakt mei him. Hy waard mar 64 jier.
It liket my in rykdom om sa'n inerlike rêst te hawwen. Gjin konstante driuw om je te bewizen. Ik bin soms jaloersk op minsken as Mark Hollis."