Dieder rôfoerfal Aldegea noch hieltyd net fûn; plysje siket tsjûgen

02 mrt 2019 - 07:46

De plysje siket tsjûgen fan de rôfoerfal freedtejûn yn Aldegea (Sm.). Oan de Eastersanning yn dat plak waard in 76-jierrige frou yn har hûs oerfallen troch in man mei in swarte bivakmûtse en in sjaal foar syn mûle. De dieder is op de flecht slein en noch hieltyd net fûn.

Foto: De Vries media

De oerfal fûn plak tusken 19.20 oere en 19.50 oere. Dêrnei is de dieder flechte; yn hokker rjochting is net bekend. It soe gean om in blanke man mei in bril op. Hy soe sa'n 1.75 meter lang wêze, in normaal postuer hawwe en sa'n 20-25 jier âld wêze.

De plysje siket tsjûgen of minsken dy't ynformaasje oer dizze oerfal ha. Ek ropt de plysje buertbewenners dy't yn it besit binne fan befeiligingsbylden op om har te melden. Sy kinne belje mei 0900-8844.

Sneon fierder ûndersyk

Der is op dit stuit noch gjin spoar fan de fertochte, seit Anthony Hogeveen, fan plysje Noard-Nederlân. Se sille sneon fierder mei it ûndersyk. It 76-jierrige slachtoffer is net ferwûne rekke by de oerfal, mar sy is wol bot skrokken en swier ûntdien, lit Hogeveen witte.

Anthony Hogeveen fan Plysje Noard-Nederlân

Trefwurden: 
Aldegea tsjûgen rôfoerfal
(advertinsje)
(advertinsje)