Froulju Drachtster Boys nei strafskoppen útskeakele yn KNVB Beker

01 mrt 2019 - 23:18

Yn de heale finale fan de KNVB Beker binne de sealfuotbalsters fan Drachtster Boys nei strafskoppen útskeakele troch it Grinzer Drs. Vijfje. Yn de offisjele spyltiid waard it 1-1, wernei't Vijfje de penaltys better naam.

Al nei in pear minuten kamen de Drachtster froulju op foarsprong. Keepster Anna Reitsma skeat de bal nei foaren. Dêr koe gjinien by, ynklusyf de keepster fan Drs. Vijfje, dus wie it 1-0. Beide teams krigen dêrnei noch kânsen om te skoaren, mar dat slagge net. De rêststân wie dus 1-0.

Ek yn de twadde helte sochten beide ploegen de oanfal. Stadichoan kaam it inisjatyf foaral fan Drs. Vijfje. Nei in kertier krige de útploech in frije traap, dy't fia in Drachtster de goal yn gie: 1-1. Sawol yn de rest fan de twadde helte as yn de dêropfolgjende ferlinging waard net skoard, dus moasten penaltys de einskoare bepale.

Al by de earste penalty gie it mis foar de Drachtster froulju, fia de keeper rekke de bal de peal. Sawol Vijfje as de Drachtster Boys makken dêrnei gjin fouten mear, wêrtroch de Grinzers troch gean nei de finale fan de beker.

(advertinsje)
(advertinsje)