UNIS Flyers ferlieze yn eigen hûs mei 2-4 fan AHOUD Devils
De iishockeyers fan UNIS Flyers hawwe freedtejûn yn de heale finale om de lânstitel ferlern fan AHOUD Devils út Nijmegen. Yn Thialf op It Hearrenfean waard it fia de perioadestannen 2-0, 0-2 en 0-2 úteinlik 2-4.
Der wie noch net iens ien minút foarby en de Flyers skoarden al. It wie Marco Postma dy't de puck yn it net skeat. Dêrnei kaam de wedstriid stadichoan op gong. De 2-0 waard nei sân minuten skoard troch Ronald Wurm.
Twadde perioade
De twadde perioade like dy fan de tsjinstanner te wêzen. De perioade wie noch net iens folslein úteinset of de tsjinstanner wist al te skoaren: 2-1. Net lang dêrnei skoarde de ploech fan Nijmegen de 2-2.
Tredde perioade
De Devils slaggen deryn om in foarstân te pakken en makken de 2-3. Oan de ein fan de lêste perioade skoarden de Nijmegenaren nochris en wie it ferlies definityf. It waard 2-4.
Drama Flyers tsjin Nijmegen
Winner AHOUD Devils sil takommende wike woansdei nei de finale yn Tilburg. Hijs Hokij Den Haag wurdt troch in 5-4 winst yn Geleen de oare finalist.
De Flyers en Geleen wienen yn de BeNe League fan de Nederlânske ploegen as earste en twadde einige, mar lizze der no dus ek earste út foar it nasjonaal kampioenskip.