Ek tsjin TOP Oss wit Cambuur net te winnen

01 mrt 2019 - 22:05

Yn it eigen Cambuurstadion hat SC Cambuur foar de achtste kear op rige net wûn. Tsjin TOP Oss bleau it 0-0. Yn de earste helte waard der net iens op de goal sketten en yn de twadde helte gie Cambuur net goed om mei har kânsen.

Foto: Orange Pictures

Cambuur hat yn 2019 noch mar ien kear wûn en de supporters binne ûntefreden. De Ljouwerters begûnen dan ek oanfallend oan de wedstriid en setten TOP Oss fêst op harren eigen helte. Dochs koe Cambuur gjin grutte kânsen kreëarje, fierder as skotten neist en oer de goal kamen sy net. Ek TOP Oss kreëarre net in soad, dus wie de rêststân 0-0.

Pas nei rêst waard der foar it earst op doel sketten. Dogan dûkte op foar de goal fan keeper Xavier Mous, mar dy koe de bal yn de koarte hoeke pakke. Goed tsien minuten letter krige Sam Hendriks twa grutte kânsen, doe't Sai van Wermerskerken en Tyrone Conraad ballen foar de goal slingeren, mar de spits koe beide kearen krekt net by de bal.

Foarsetten net goed

Cambuur bleau dêrnei druk setten op de goal fan de besikers. De foarsetten wiene lykwols net goed, wêrtroch't de Ljouwerters net hiel gefaarlik waarden.

Fiif minuten foar tiid kaam TOP Oss hast op foarsprong, doe't Dogan Cambuur-ferdigener Emmanuel Mbende passearre en úthelle, mar Mous brocht rêding. Oan de oare kant wie it fuortendaliks dêrnei Conraad dy't TOP Oss-keeper Olij útspiele, mar syn pass nei Hendriks koe fuortwurke wurde. Ek yn de blessueretiid wist Cambuur net mear te skoaren, wêrtroch't foar de achtste kear op rige net wûn wurdt yn it Cambuurstadion: 0-0.

Cambuur - TOP Oss 0-0 (0-0).

Opstelling Cambuur: Mous, Sai, Mbende, Schilder, Sambissa, Boerlage, Jansen (83/ Ciganiks), Maulun (72/ Jones), Conraad, Hendriks, Bangura (72/ Robertha).

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal TOP Oss
(Advertinsje)
(Advertinsje)