Petysje BFVW tsjin jacht op greidefûgels mear as 11.000 kear ûndertekene

01 mrt 2019 - 21:56

De petysje fan it Bûn fan Fryske Fûgelwachten (BFVW) tsjin de jacht op greidefûgels yn ûnder mear Frankryk is troch 11.405 minsken ûndertekene. De ôfgeande BFVW-foarsitter Rendert Algra oerlange de petysje oan Europarlemintariër Jan Huitema fan de VVD. It BFVW wol graach dat it Europeeske Parlemint de jacht op de greidefûgels ferbiedt.

Foto: Vogelbescherming Nederland

Nederlân docht in soad muoite om de stân fan de ljippen, skriezen en oare greidefûgels op peil te hâlden, wylst se bygelyks op de rûte nei it suden yn Frankryk út de loft sketten wurde meie. Europarlemintariër Jan Huitema spruts him earder ek al út tsjin de Frânske jacht op greidefûgels.

Op 1 maart is ek it startskot fan de maitiid foar de frijwilligers fan it BFVW, dy't dan de aaien en pykjes fan ûnder oare de ljip, skries en strânljip beskermje.

Ein maaie binne de ferkiezingen foar it Europeesk Parlemint. Neffens it BFVW in goed momint om partijen en kandidaten te oertsjûgjen dat, yn de wurden fan BFVW-foarsitter Rendert Algra, "der in ein komme moat oan de moard op kwetsbere greidefûgels."

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Rendert Algra is freedtejûn útroppen ta earelid fan de BFVW. Ek wol it bûn mei in byld de tradysje fan it aaisykjen ferivigje. It byld fan in aaisiker moat 1.90 meter heech wurde en foar it haadgebou yn Wiuwert te stean komme. It bûn hopet it jild dêrfoar, 35.000 euro, yn te sammeljen mei donaasjes.

(advertinsje)
(advertinsje)