Opsterlân hat omjouwingsfergunning Vermilion ûnterjochte wegere

01 mrt 2019 - 21:36

De gemeente Opsterlân hat op ferkearde grûn gjin omjouwingsfergunning ôfjûn oan gaswinningsbedriuw Vermilion. Dat docht bliken út in útspraak fan de rjochtbank yn Grins. De gemeente hat in ferkearde proseduere folge en eins hie de gemeente ek net it foech om dat te besluten. It foech leit by it Ministearje fan Ekonomyske Saken. Dat moat no in nij beslút nimme, wêrby't ûnder mear advys frege wurde moat oan de gemeente Opsterlân.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Vermilion hie de saak oanspand, omdat it troch it net ferlienen fan in omjouwingsfergunning gjin mynboulokaasje oanlizze koe. Yn de útspraak fan de rjochter wurdt de Stichting Tsjingas út Nij Beets ek erkend as saneamde 'tredde-belanghawwende'. De stichting fjochtet al twa jier tsjin de plande gasboarring by Nij Beets.

In enkête wêryn't 95 prosint fan de befolking 'nee' sei tsjin dizze boarring en in list mei 1.100 hantekeningen oertsjûgen de gemeente dat der gjin draachflak is ûnder de befolking foar de gaswinning. Leden fan de stichting ha by de rjochtsaak yn desimber bot protestearre by de rjochtbank yn Grins.

Stipe

Se krigen dêrby stipe út it hiele lân wei en fan de aksjegroepen Laat Fryslân Niet Zakken, Milieudefensie en de Waddenvereniging.

Ferkearde proseduere

Yn 2017 hat der in wetswiziging west. Earder hie de gemeente it foech ta it ôfjaan fan sa'n fergunning, mar letter is dit oerdroegen nei it ministearje, dat seit Anko Postma, wethâlder fan gemeente Opsterlân. "In die zin hebben wij niets verkeerd gedaan, omdat het een overgangssituatie was en de bezwaren al liepen. Wij hebben steeds gezegd dat wij tegen gasboringen zijn, daar verandert niets aan."

Neffens Postma is by de útspraak fan de rjochtbank sein dat sy allinnich nei de prosedueren sjen en net nei de ynhâld. Dat fynt Postma jammer. "Het moet feitelijk gaan om de inhoud: wij zijn tegengas boringen in gemeente Opsterland."

It Ministearje fan Ekonomyske Saken sil in nij beslút nimme.

Wethâlder Anko Postma fan gemeente Opsterlân

(advertinsje)