FIDEO: "Yn myn tiid gie der in stien troch de ruten"

01 mrt 2019 - 21:26

It is in grutte sportive malêze by Cambuur. De Ljouwerters winne amper wedstriden en binne yntusken ôfsakke nei it 15e plak. It is ien minút foar tolven.

It geduld is op. De wedstriid tsjin FC Dordrecht die de amer oerrinnen. Supporters fan de kearn fan Cambuur stjoerden dizze wike in krityske brief. Sûnt twa novimber is der gjin inkelde thúswedstriid mear wûn. De lêste fjouwer wedstriden waard der trije kear ferlern. Hake syn posysje soe wolris ûnwis wurde kinne. "Mar it hat gjin sin om him derút te smiten. Ik sjoch net sa gau hoe't in oar der mei dizze seleksje in soad mear út helje kin", seit Gerard Bos dêroer.

Striid

"Cambuur wie altyd: As je thús spilen, dan spilen je op de helte fan de tsjinstanner. Dan wie it fol de druk derop en 90 minuten lang oanfalle", seit âld-Cambuurspiler Geert Jelle de Vries. "As wy net yn de top 5 spilen, dan wie it publyk ûntefreden. Dy brief is hiel netsjes, want yn myn tiid gie der in stien troch de ruten."

"Wy moatte wol reëel wêze. Dizze groep spilers is net mear út te heljen as dit", seit Bos. Neffens Cambuurspiler Robbert Schilder hat it net te krijen mei gjin striid jaan wolle, mar mei 'voetbalslimheid'. "Dan ga je achter de feiten aanlopen en dan ziet het er gewoon slecht uit. Maar ik denk niet dat het in de basis met strijd heeft te maken."

Sander de Vries: "Cambuur is bevangen door een soort excuuscultuur. Het ligt aan spelers die van ver komen..., ze willen niet naar Leeuwarden komen..., het ligt aan het kunstgras..., we hebben pech gehad..."

Nij stadion

Der wurdt sein dat as it nije stadion der is, dat alles goed komt. "Ik tink dat dêr it probleem wol wat leit. Oer de hiele liny tochten minsken: we binne mei it nije stadion dwaande en dêrnei sil it heve. Ik tink dat der echt wol wat ûntstean sil yn Ljouwert, mar je moatte dan wol in organisaasje en basis hawwe."

(advertinsje)
(advertinsje)