UPDATE: Rôfoerfal yn Aldegea; dieder noch hieltyd net fûn

Yn Aldegea (Sm.) is freedtejûn om 20.00 oere hinne in 76-jierrige frou it slachtoffer wurden fan in rôfoerfal. Oan de Eastersanning yn dat plak waard de frou oerfallen troch in man mei in swarte bivakmûtse en in sjaal foar syn mûle. De dieder is noch hieltyd net fûn.
UPDATE: Rôfoerfal yn Aldegea; dieder noch hieltyd net fûn
It soe gean om in blanke man mei in bril op. Hy soe sa'n 1.75 meter lang wêze, in normaal postuer hawwe en sa'n 20-25 jier âld wêze.
De dieder belle by de frou oan. Doe't sy de doar iepene, waard se troch de man oerfallen. Hy soe har bedrige hawwe mei in mes en fêstbûn hawwe oan in stoel. Nei in skoftke koe de frou har tillefoan pakke en belle sy 112. De plysje hat de frou wer befrije kind.

Unbekende bút

Hokker rjochting de dieder op flechte is en wat er krekt bút makke hat, is net bekend. De plysje docht op it stuit ûndersyk. Plysje ropt buertbewenners dy't yn it besit binne fan befeiligingsbylden of ynformaasje op om har te melden. Sy kinne belje mei 0900-8844.