Hieltyd mear jonge minsken mei rydbewiis yn Fryslân

It oantal rydbewizen yn Fryslân bliuwt tanimmen. Dat docht bliken út sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS) dy't freed bekend makke binne.
© CBS
De befolking groeit en dus binne der hieltyd mear minsken mei in rydbewiis. Tusken 2014 en 2019 groeide it oantal rydbewizen yn Fryslân mei 3,5 prosint.
Sûnt 2011 meie jongeren al op har santjinde harren rydbewiis helje. Oant har achttjinde meie sy dan ûnder begelieding ride. De populariteit hjirfan is yn Fryslân ek grut. Tusken 2014 en 2019 groeit it oantal rydbewiisbesitters dat jonger is as achttjin mei 44 prosint.
Yn de stêden hawwe de minste minsken in rydbewiis. Sa hat yn Amsterdam mar 63,5 prosint fan de minsken in rydbewiis. Yn Ljouwert is it persintaazje ek relatyf leech, mar op Flylân en Skiermûntseach is it persintaazje noch leger.