Reedrydster Femke Kok krijt sportpinning foar wrâldkampioenskip junioaren

01 mrt 2019 - 19:58

De 18-jierrige reedrydster Femke Kok is yn har doarp Nij Beets huldige om't se twa wiken lyn wrâldkampioen waard by de junioaren. Se krige fan boargemaster Ellen van Selm fan Opsterlân de sportpinning útrikt. De priis is noch mar ien kear earder útjûn, oan Suzanne Schulting foar har Olympyske gouden medalje op de 1.000 meter shorttrack.

Foto: www.orange-pictures.nl

Fierder stiene der tsientallen minsken út it doarp yn de rige om Kok te fûstkjen, en om tuten en blommen te jaan. "Ik tink dat myn mem wol hast in blommewinkel begjinne kin! Ik jou myn beppe ek wol wat blommen mei", liet de reedrydster laitsjend witte.

(advertinsje)
(advertinsje)