Koälysje Weststellingwerf wol ôfstappe fan nije proefboarringen nei ierdgas

De koälysjepartijen VVD, CDA en Weststellingwerfs Belang wolle gjin nije proefboarringen nei ierdgas yn Weststellingwerf. De partijen binne fan doel it hjoeddeiske gemeentlike belied fan de proefboarringen nei ierdgas oan te passen.
© Omrop Fryslan, Timo Jepkema
Op it stuit is fêstlein dat de gemeente posityf is tsjinoer lokaasjes foar proefboarringen nei ierdgas en it winnen fan ierdgas. Om't der te min ynsicht is yn de feilichheidsrisiko's en in goeie skearegeling ûntbrekt, wol de koälysje nije boarringen foarkomme.
It foarstel wurdt yn de gemeenteriedsgearkomste fan moandei behannele.