Undernimmers sile op skûtsjes

30 jun 2012 - 16:58

Der waard sneontemiddei op heech nivo 'netwurke' op de Snitsermar. Op útnoeging fan de provinsje diene de topbazen fan ûnder oare DE, Philips, Rabobank, Akzo Nobel en KPN mei oan de trije jierlikse skûtsjewedstriid De Frisobokaal.

De wedstriid wurdt al sûnt 1988 organisearre troch de provinsje om de relaasjes oan te heljen. De wedstriid sels is in oefenwedstriid foar de SKS-skippers, de pommeranten litte har sile. De Frisobokaal waard sneon wûn troch it skûtsje fan Earnewâld, mei de grutske baas fan Philips as meisiler.

(advertinsje)