Sikehûs MCL taret op ûngelokken troch mist mei spesjaal rampeplan

01 mrt 2019 - 19:19

It wie tongersdeitemoarn in gaos op de sneldyk A32 fanwegen de tichte mist. De dyk wie oerenlang ôfsletten omdat der allerhanne ûngelokken bard wiene. Yn totaal rekken dêrby alve minsken ferwûne. Yn it sikehûs MCL wie it gjin gaos, want dêr hiene se harren nammentlik al taret op in ekstra tastream fan ferwûnen. Sy hiene in soarte fan rampeplan yn wurking set.

Sikehûs MCL yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Traumasjiruch Jeroen Poos wennet yn Grins en moast sels earst ek mei de auto oer de sneldyk nei Ljouwert ta. "Ook op de N31 was het enorm mistig, maar gek genoeg ben ik daar veilig doorheen gekomen. Ik heb ook niet gedacht: wat zal er vandaag gebeuren? Misschien kunnen we hier wat van verwachten. Maar niets was minder waar, want een paar uur later reden er een heleboel auto's op elkaar op de A32."

Neffens Poos komt it nijs by harren earder binnen fia de media en ûnoffisjele kanalen as fia de meldkeamer, dy't in koördinearjende rol hat yn soksoarte situaasjes. "We hoorden via via dat er een behoorlijke kettingbotsing was. We hebben een speciaal rampenopvangplan, het ZiROP, dat geschreven is voor grote rampen. Het punt is alleen, als je dat in werking stelt, wordt al het geplande werk onderbroken", fertelt Poos.

Jeroen Poos, traumasjirurch by it MCL

"Op een doordeweekse dag betekent dat er ongeveer 12 tot 14 operatiekamers in werking zijn en dat die gestopt worden. Het heeft nogal wat voeten in aarde als je op die noodbel drukt. Wat wij hebben gedaan: wij hebben het in een kleinere vorm opgestart en geprobeerd ons continu van informatie te laten voorzien."

Dat betsjutte yn de praktyk dat de earste help tichtsmiten waard, wêrtroch't in soad dokters frijkamen. Ek waarden der dokters en ferpleechkundigen fan oare ôfdielings oproppen. "Daarmee hadden we in een halfuur tijd vier volledige traumakamers gereed en nog zeker vier kleinere kamers waar lichtgewonde mensen konden worden opgevangen."

Der koe al gau skeakele wurde. "Wat we niet hebben gedaan, is op de noodbel drukken, waardoor er mensen die niet aan het werk zijn worden gebeld om naar het ziekenhuis te komen." Uteinlik binne der seis minsken opfongen. "Dat is voor verkeersongevallen in korte tijd veel. Maar waar we voor klaar stonden, hadden het er meer kunnen zijn."

Trefwurden: 
sikehûs MCL rampeplan mist
(advertinsje)