Auto bedarret op syn kant nei botsing op de A6
Op de A6 is freedtejûn in ûngelok bard tusken twa auto's. It ûngelok barde op 'e hichte fan de oprit De Lemmer, yn de rjochting fan Emmeloord. Ien fan de auto's bedarre dêrby op syn side.
De brânwachtkorpsen fan De Lemmer en De Jouwer, ambulânses en de plysje binne manmachtich útriden. De slachtoffers binne ûndersocht.
De plysje hat in rydstripe ôfsletten. Fierder moat it ferkear rekken hâlde mei fertraging út de rjochting fan De Lemmer wei.