VC Snits sjocht út nei play-off-duel mei Sliedrecht Sport

01 mrt 2019 - 18:40

In polonêze moat helpe om VC Snits kampioen te meitsjen. Yn de wike foarôfgeand oan it belangrike play-offduel mei Sliedrecht Sport traint de ploech fan trainer Paul Oosterhof skerp en hurd, mar is der ek romte foar wille. Nei in seizoen wêryn't VC Snits as tredde einige yn de reguliere kompetysje, giet alles no oan de kant foar in finaleplakje om it lânskampioenskip.

VC Snits sjocht út nei play-off duel mei Sliedrecht Sport

"We trainen vier keer in de week en we zitten nu in een fase waarin we aan het bijslijpen zijn", leit trainer Paul Oosterhof út. "Dan wil je de training op een leuke en ludieke manier beginnen. Vandaar die groepsopdracht waarin drie teams in polonaise lopen."

De play-offs. Dy wurkje by alle sporten wer oars. By it follybal spilet de de top seis fan de kompetysje yn in saneamde kampioenspûl. Dêryn spilet VC Snits tsjin elke tsjinstanner twa play-offduels. Oan de ein fan dy play-offduels, wurdt de balâns opmakke. De nûmer ien en twa spylje dan tsjininoar yn in best of five om it lânskampioenskip.

Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

De play-offsearje fan VC Snits sette ôfrûne sneon útein tsjin Regio Zwolle Volleybal. De Snitsers wûnen mei 3-0. Dúdlik is dat Sliedrecht Sport sneon de favoryt is. Yn de eigen Sneker Sporthal waard dit seizoen mei 3-0 ferlern. Mar neffens Oosterhof wurdt it team dêr net benaud fan: "We gaan uit van ons eigen tactische plan. We gaan daarom vol voor de winst."

Foar Oosterhof is it de earste kear as haadcoach yn de play-offs. It doel is in plak yn de finale. Der komt dêrtroch wol wat mear druk op syn ploech.

Ien fan de froulju dy't wit hoe't it is om te spyljen om de knikkerts is Monique Volkers. Volkers wûn mei VC Snits ien kear de Super Cup, twa kear de beker en twa kear it kampioenskip.

Monique Volkers fan VC Snits - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Se naam yn maaie 2017 ôfskied by it earste om dêrnei in reis fan trije moannen yn Australië te meitsjen. "Ik heb fantastische dingen meegemaakt aan de andere kant van de wereld. Ik zou het iedereen kunnen aanraden om dat eens te doen. Ik ben aan de andere kant ook wel weer blij om weer terug te zijn, om het ritme weer op te pakken en aan het werk te gaan."

Doe't se weromkaam, pakte se it follybaljen wer rêstich op by it tredde. "Het was heel gezellig en leuk bij het derde, maar ik wilde eigenlijk toch wel weer een stapje omhoog."

Troch blessueren wie se nei in skoftke al wer hurd nedich by it earste. En miskien pakt dat hielendal net sa ferkeard út. Want sy heart by de betûfte spylsters dy't witte hoe't it is om play-offs te spyljen en dy ek noch winnend ôf te sluten yn in finale.

"Het is vervelend dat ik nodig ben bij het eerste omdat er blessures zijn. Je gunt het anderen ook om die mooie play-offs te spelen. Nu ik er ben ga ik alles op alles zetten om er wat moois van te maken."

"Ik denk wel dat ik in het spelletje net even het verschil kan maken in bepaalde lijnen die je kan spelen. Of dat je speelsters kunt herkennen van de tegenstanders waar je jaren tegen hebt gespeeld."

(Advertinsje)
(Advertinsje)