Fryske tankstasjons hâlde op mei lpg nei kontrôle FUMO

Trije Fryske tankstasjons binne it ôfrûne healjier ophâlden mei it leverjen fan lpg. Dat nei oanlieding fan in feiligenskontrôle fan de FUMO. Dy is de tafersjochhâlder fan de provinsje.
© ANP
Ut de kontrôle die bliken dat de tankstasjons net de goeie feiligensmaatregels naam hiene. Sa koe fuort nei it beteljen fia in automaat tankt wurde, wylst earst op in bel drukt wurde moast om de pomp frij te jaan. En by ien tankstasjon ûntbruts de warskôging dat it foljen fan gasflessen mei lpg ferbean is.

Oaren nimme maatregels

Twa oare tankstasjons ha yntusken de goede maatregels nommen om dochs lpg leverje te kinnen. Mei it kampearseizoen foar de doar en de boatsje- en caravaneigeners dy't wer gas nedich ha foar bygelyks de kuolkast en de ferwaarming, fynt de FUMO it belangryk dat dit feilich bart