Steatelid Van der Zanden stimde ferkeard en naam moasje oan: "Het is gewoon een blunder"

01 mrt 2019 - 18:10

Troch ferkeard stimmen fan steatelid Rinie van der Zanden fan de Partij voor de Dieren hoecht it guozzebelied fan de provinsje pas oer fjouwer jier evaluearre te wurden. Van der Zanden drukte nei in lange dei fan gearkomsten op it ferkearde knopke en kaam dêr te let efter. As se goed stimd hie, dan hie de provinsje al oer twa jier it hjoeddeiske guozzebelied op 'e nij evaluearje moatten.

Foto: Partij voor de Dieren

Polityk ferslachjouwer Andries Bakker leit de situaasje út en praat mei Rinie van der Zanden

Van der Zanden wol dat graach, want se is it der net mei iens dat de provinsje 200.000 guozzen yn it jier ôfsjitte kin omdat se tefolle skea oan it boerelân tabringe. De ûnbedoelde tsjinstim fan Van der Zanden wie de beslissende.

Mar hoe koe dat no sa? It wie de lêste kear dat de Steaten byinoar kamen foar de ferkiezings op 20 maart. Der moast dus in lange aginda trochnaam wurde. Op tiisdeitejûn begûn de gearkomste al en de folgjende dei gie dy wer fierder. Dizze stimming wie om alve oere jûns.

It guozzebelied giet Van der Zanden bot oan it hert. Eltse gâns dy't ôfsketten wurdt, is har ien te folle. Hoe earder sa'n evaluaasje der wêze soe, hoe better foar de begjinsels fan de Partij voor de Dieren.

20-21

De PvdA en SP hiene in útstel makke om dy evaluaasjes al yn 2021 te dwaan en eventueel saken by te stjoeren. Der binne 41 steateleden en de útslach wie 20-21 tsjin it útstel. Van der Zanden siet by dy tsjinstimmers. Normaal hie sy foar stimd, mar se wie te let om it noch oan te kaartsjen. Dêrom bliuwt de útslach stean.

"Ik had niet beseft dat als een motie eenmaal is bestemd, dat je dan bij volgende moties toch nog even terug kan komen op eerdere moties. Ik dacht dat dat niet kon. Ik besefte wel dat ik hiermee had gestemd voor een evaluatie over vier jaar in plaats van twee jaar. Ik was net een paar seconden te laat, het besluit was al aangenomen."

Foto: Henk Bootsma

"Het heeft me nog heel veel parten gespeeld. Het is gewoon een blunder. Ik kreeg direct van collegapartijen allerlei reacties in de zin van: we gaan er samen naar kijken of het na de verkiezingen opnieuw op de agenda gezet kan worden. Iedereen, ook degenen die voor de vier jaar waren, had het wel met me te doen.

It levere Van der Zanden lanlik in soad oandacht op. NPO Radio 1, Radio 538, De Telegraaf, it ANP, NU.nl, se woene allegear mei har prate. "Het was niet mijn bedoeling, maar ik ben wel overbluft door alle reacties die er kwamen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)