Faber Audovisual en Friese Poort wurkje gear om goede fakminsken te krijen

01 mrt 2019 - 17:46

It evenemintebedriuw Faber Audiovisuals út Sint-Anne en ûnderwiissintrum ROC Friese Poort komme mei in nije oplieding foar fakminsken yn de poadium- en evenemintetechnyk. De gearwurking is yn it foarste plak bedoeld om Faber oan goede fakminsken te helpen.

De studinten kinne op de oplieding yn twa jier it diploma poadium- en evenemintetechnikus helje. Gewoanwei duorret dy oplieding in jier langer.

De gearwurking is freed bekend makke by Faber yn Sint-Anne. Studinten dy't oan de oplieding meidogge, geane ien jier nei skoalle en geane dêrnei in jier oan de slach yn de praktyk. De earste studinten starte yn septimber.

Cees Jan Faber en Dick ter Wee - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Dreech om fakminsken te finen

Neffens Cees Jan Faber, direkteur fan Faber Audiovisuals, is it dreech om fakminsken yn dizze brânsj te finen. Yn de nije oplieding wurde minsken hiel direkt klearstoomd foar de praktyk. Neffens Faber is dit yn in tiid fan wurkkrapte in hiele noflike wize om fakminsken oan it team fan syn bedriuw ta te heakjen.

Neffens Dick ter Wee, fêstigingsdirekteur fan ROC Friese Poort yn Drachten, hat de gearwurking foar beide partijen foardielen. De studinten krije yn de oplieding les fan eksperts en komme se yn oanrekking mei de nijste techniken. Faber hat aanst studinten dy't nei de oplieding fuort ynsetber binne by it bedriuw. De bedoeling is dat se nei de oplieding direkt in baan krije by Faber.

Wurkje oer de wrâld

By studinten dy't oan de oplieding mei dwaan wolle wurdt fia in intake-trajekt foarôf wol goed besjoen oft se motivearre binne. It wurk bringt de ôfstudearre studinten aanst oer de hiele wrâld. Mar se binne wol faak oan it wurk as harren famylje en freonen frij binne. 'Dat moat je oansprekke', seit Faber.

Trefwurden: 
Friese Poort Faber ROC
(advertinsje)