FIDEO: De stamtafel oer de ûnrêst by Cambuur

De stamtafel oer de ûnrêst by Cambuur
It hat in ûnrêstige wike west foar SC Cambuur. De sportive prestaasjes falle bot ôf: de Ljouwerters binne ôfsakke nei it fyftjinde plak yn de earste difyzje. En de ploech fan René Hake hat al sân thúswedstriden op rige net wûn. In echte sportive krisis dus. Boppedat stjoerde de supportersklup Kern van Cambuur ek noch in brief nei de klup wêryn't se harren soargen uteren. As der wat spilet by Cambuur, sykje wy it 'Liwwadder' kafee 't Wap op.
Freedtejûn spylje de Ljouwerters in thúswedstriid tsjin TOP Oss. Dy is fansels live te folgjen by Omrop Fryslân op 'e radio, fan 20.00 oere ôf.