Brok en Van Erkelens lâns alle gemeenten foar kommende ferkiezingen

01 mrt 2019 - 17:11

Kommissaris fan de Kening Arno Brok en dykgraaf Paul van Erkelens sille op de ferkiezingsdei fan woansdei 20 maart in besite bringe oan alle achttjin Fryske gemeenten.

Arno Brok - Foto: Omrop Fryslân

Op dy wize freegje se omtinken foar de ferkiezingen fan Provinsjale Steaten en Wetterskip Fryslân.

De rûngong begjint om healwei achten moarns op Flylân en dan folgje de oare trije Fryske Waadeilannen. Om njoggen oere jûns is Ljouwert de lêste halte.

De bedoeling is dat Brok en Van Erkelens hieltyd in besite fan in kertier bringe oan in stimburo yn in gemeente.

(advertinsje)
(advertinsje)