Organisaasje lanlike giele heske-demonstraasje yn Ljouwert ferwachtet sneon 500 minsken

Ljouwert is sneon it toaniel fan in lanlike demonstraasje fan giele heskes. De organisaasje ferwachtet sa'n fiifhûndert minsken.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Op Facebook ha oant no ta in lytse twahûndert minsken oanjûn dat se komme. De demonstranten sammelje har om 12.00 oere op it parkearterrein by it WTC Expo yn de stêd en rinne dêrnei nei it Saailân. De gemeente Ljouwert is op de hichte fan de plannen.