SC Hearrenfean-trainer Jan Olde Riekerink: "Het is moeilijk winnen van Willem II"

01 mrt 2019 - 16:34

"Het is moeilijk winnen van Willem II." Dat sei SC Hearrenfean-trainer Jan Olde Riekerink freed yn syn parsepraatsje. De trainer fan SC Hearrenfean wie tongersdei yn Tilburg en seach Willem II de bekerwedstriid tsjin AZ nei penaltys winnen. "Ze speelden twee systemen. Met name na de rust speelde Willem II heel goed."

Jan Olde Riekerink

Oft de swiere wedstriid fan Willem II kommende snein noch in rol spylje sil, is mar de fraach, tinkt Olde Riekerink. "Misschien vieren ze wel carnaval. Denemarken kwam in 1992 van het strand en werd Europees kampioen. En ik ken hun trainer Adrie Koster goed. Die weet heel goed hoe hij deze situatie moet aansturen."

Stimming is goed

By Hearrenfean wie de stimming ôfrûne wike goed, nei de winst op Fortuna Sittard. In goed ferfolch op dy wedstriid is needsaaklik, fynt Olde Riekerink, dy't noch mar ris sei dat er bliid is dat hy, de stêf en de spilers ienriedich fêsthâlden hawwe oan it paad dat ynset is om de doelstelling, play-offs spylje, te heljen.

Mitchell van Bergen

By de SC Hearrenfean ûntbrekke Schmidt en Floranus. Sy binne blessearre. Stijn Schaars traint wer mei de seleksje mei; der wurdt sneon besjoen oft hy fit genôch is om oan de wedstriid te begjinnen.

De wedstriid tusken SC Hearrenfean en Willem II is snein live te folgjen by Omrop Fryslân op 'e radio. Fan 14.30 oere ôf fersoarget ferslachjouwer Arjen de Boer it kommentaar út it Abe Lenstra Stadion wei.

(Advertinsje)
(Advertinsje)