Merel Bosma op syk nei oerwinningen, in sponsor en wille

01 mrt 2019 - 16:26

Merel Bosma wûn dit seizoen har earste maratonwedstriid. Wille hat se ek wol, mar op syk nei in nije sponsor is se beslist. Yn Enschede kaam se solo oer de finish. Bosma is 26 jier, opgroeid yn Snits en njonken maratonreedrydster ek stúdzjebegelieder fan autistyske bern.

Sneon 9 febrewaris wie it dan lang om let sa fier. Se komt as earste oer de streek en ek nochris solo: "Het was allemaal heel onrealistisch. Ik geloofde het gewoon niet. Het was ook zo mooi om eindelijk eens te winnen en dan ook nog solo. Ik was er vandoor en toen ik zag dat mijn teamgenoten Lisa (van der Geest, red.) en Iris (van der Stelt, red.) een rondje wachtten om mij op sleeptouw te nemen, dacht ik wel: wow, ze hebben er blijkbaar veel vertrouwen in. En toen zij mij ook al niet meer bij konden houden en ik de speaker hoorde dat het peloton ging afsprinten, toen vloog ik. Dat was zó mooi."

Nei har earste oerwinning kinne je dus sprekke fan in trochbraak fan de 26-jierrige ynwenster fan It Hearrenfean. "Ja, nou ja, op zich wel. Ik reed al wel vijf jaar lang op het hoogste niveau en was al eens tweede geworden op de Weissensee, maar winnen had ik inderdaad nog nooit gedaan."

En mei de Weissensee en natoeriis is de stap nei de Alvestêdetocht fansels ek gau makke. "Denk je dat die nu nog gaat komen?" laket Merel. Bûten is it op dat stuit 17 graden. "Maar als-ie ooit komt, dan ben ik erbij. Ik had het eerst nooit zo op natuurijs. Ik had moeite met al die naden en spleten waar je in terechtkomt. Maar ik heb het inmiddels bovenaan mijn lijstje staan. Een overwinning op echt natuurijs zou geweldig zijn."

Sponsor hâldt op

Merel rydt foar MKbasics.nl, mar dy sponsor hâldt nei tsien jier op. Dêrom binne de froulju op syk nei in nije sponsor. Merel hat mei harren team yntusken in hechte bân opboud. "We zijn echt een vriendenploeg." Merel rydt mei Iris van der Stelt, Lisa van der Geest en Dieuwertje van Kalken. "Daarom hebben we de keuze gemaakt om hoe dan ook met z'n vieren door te gaan. Dat betekent dat een sponsor zich mag melden. Vier enthousiaste dames die geregeld wat winnen."

Stúdzjebegelieder autistyske bern

Merel wenne earst twa jier yn Makkum en is dêrnei opgroeid yn Snits. No wennet se op It Hearrenfean. Merel is fan berop stúdzjebegelieder op de middelbere skoalle OSG Sevenwolde op It Hearrenfean. "Ik begeleid acht studenten met autisme. Dit jaar is dat voor het eerst. Een heel mooi en dankbaar beroep. De leerlingen kunnen prima leren, maar hebben net even wat meer begeleiding nodig. Ik kan 's ochtends al zien hoe ze binnenkomen en daarnaar handelen. Het is goed dat daar specifieke begeleiding bij is."

Yn de 'Wedstriid fan de Wike' stiet alle wiken op Omrop Fryslân radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de wike'. De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app.

Sneon begjint om 18.45 oere de maratonwedstriid fan de froulju. De manlju begjinne om 20.00 oere.

Trefwurden: 
reedriden maraton Merel Bosma
(advertinsje)
(advertinsje)