UK Open al gau dien foar Danny Noppert

Danny Noppert fan De Jouwer hat freedtemiddei syn earste wedstriid op de UK Open yn Minehead fuortendaliks ferlern. De 28-jierrige darter gie yn de tredde ronde fan it telefyzjetoernoai mei 6-1 ûnderút tsjin Mickey Mansell út Noard-Ierlân.
© www.orange-pictures.nl
De tsjinstanner fan Noppert begûn sterk oan de wedstriid en kaam al gau mei 4-0 foar. Doe't hy inkelde dûbels miste, koe Noppert lang om let ynstappe. It wie lykwols net genôch om Mansell echt yn de problemen te bringen. De Jouster wie net konstant genôch en seach de Noard-Ier úteinlik ienfâldich de lêste twa legs pakke.
Foar Danny Noppert wie it ien fan syn mindere wedstriden op in telefyzjetoernoai, mei in gemiddelde fan sa'n 84. Tsjinstanner Mansell siet hast tsien punten de trije darts heger as de Jouster.

Wrâldranglist

Noppert hoegde fanwegen syn posysje op de wrâldranglist fan de PDC pas yn de tredde ronde fan de UK Open yn aksje te kommen. De Jouster stiet op it stuit op it 44ste plak fan de wrâld.