Skoeten yn kustgebiet net siik, stelle Dútske ûndersikers

01 mrt 2019 - 15:59

De grutte stjerte ûnder de skoeten (seekoeten) komt troch te min fretten en net troch gif of in firus. Dit docht bliken út de ûndersyk fan it Lebensmittel und Veterinärinstitut yn Niedersachsen yn Dútslân. De trettjin fûgels dy't troch de tsjinst ûndersocht binne, hiene fierstente min fetreserven.

Foto: NOS

De skoeten hiene hielendal gjin fetreserven mear, wêrtroch't de spieren fan de fûgels al oantaast wiene. De mage en terms fan de skoeten wiene ek skansearre. De oarsaak fan de minne tastân is neffens de tsjinst net te ferklearjen. De fûgels binne ûndersocht op de oanwêzichheid fan gif en ferskate firussen, mar dy testen foelen allegear negatyf út.

Nederlânsk ûndersyk rint noch

Ek yn Nederlân wurdt ûndersyk dien. Yn in laboratoarium yn Utrecht binne 124 skoeten ûndersocht. Ek dêr wie de konklúzje dat de bisten ferhongere binne. Ek waard dúdlik dat de yngewanten en terms oantaast wiene. Op 15 maart moat it ministearje fan Lânbou in einrapport krije fan dit ûndersyk.

Yn it begjin waard tocht dat de grutte stjerte ûnder de skoeten feroarsake waard troch de kontenerramp mei de MSC Zoe. Dêr is gjin oanlieding foar fûn.

(advertinsje)
(advertinsje)