Ljouwert docht mei oan ferkiezingen foar bêste biblioteek

Boargemaster Ferd Crone brocht freedtemoarn yn de biblioteek fan Ljouwert as earste syn stim út yn it ramt fan de ferkiezingen foar de bêste biblioteek fan Nederlân. De kampanje duorret in moanne.
© Lucas Kemper
Yn dat tiidsbestek moatte safolle mooglik stimmen sammele wurde. Mei dizze ferkiezingen wol it Bibliotheekblad sjen litte dat ús lân belangryke iepenbiere biblioteken hat en dat dy ûnmisber binne yn de mienskip. Op de webside fan dbieb.nl stiet in ferkiezingsfilmke fan Ljouwert en kin fia in spesjale stimknop in stim útbrocht wurde. Fierder is der yn de biblioteek sels in stimhokje ynrjochte.
Njonken Ljouwert dogge biblioteken út Harderwijk, Deventer, Dongen, Losser en Vught mei oan de ferkiezingen. In rapport fan de sjuery en it tal publyksstimmen bepale de winner.