Live sport by Omrop Fryslân: iishockey fan de Flyers en de maratonkup yn de Alvestêdehal

01 mrt 2019 - 14:37

Dit wykein fine der wer tal fan sporteveneminten plak. Sa is der freedtejûn iishockey op It Hearrenfean en yn de Alvestêdehal yn Ljouwert wurdt de maratonkup ferriden. De maratonkup is sels Wedstriid fan de Wike by Omrop Fryslân. De sportredaksje fan Omrop Fryslân sjocht foarút op de twa livewedstriden fan dit wykein.

Foto: Martin de Jong

IIshockey

Freedtejûn is de heale finale yn de striid om it kampioenskip yn de Nederlânske iishockeykompetysje. Dêroan dogge de fjouwer bêste Nederlânske ploegen út de BeNe League mei. "De Belgyske en de Nederlânske kompetysje binne kombinearre", fertelt sportferslachjouwer Freark Wijma.

De UNIS Flyers spylje freed yn de heale finale thús tsjin de AHOUD Devils út Nijmegen. Der dogge fjouwer ploegen oan de play-offs mei. "By winst steane de Flyers yn de finale. Se spylje no thús, om't se as earste einige binne yn de kompetysje. Dêrom ha se thúsfoardiel. De finale wurdt lykwols op neutraal terrein yn Tilburg spile."

De Flyers binne favoryt, mar moatte neffens Wijma al oppasse: "Se hawwe yn de beker ferlern fan Nijmegen en ek yn de kompetysje hawwe se dit seizoen ferlern. Sneon moasten de Flyers lykwols ek al thús tsjin de AHOUD Devils. Dy wedstriid waard mei 4-1 wûn, dus it wurdt freed in ynteressante wedstriid." De winner fan Flyers - Nijmegen spilet yn de finale tsjin Geleen of Den Haag.

Der binne yn ien iishockeyseizoen fjouwer prizen te winnen: de Supercup, dy't al troch de Flyers wûn is, de beker, dy't Nijmegen wûn hat, de Nederlânske titel en de titel yn de BeNeLeague.

It kommentaar by de wedstriid fan de Flyers wurdt fersoarge troch Freark Wijma. Hy wurdt assistearre troch UNIS Flyers-spiler Lars den Edel, dy't blessearre is oan 'e skouderbonke. De wedstriid begjint om 20.30 oere en is live te folgjen op de webside fan Omrop Fryslân en yn de Omrop-app.

Merel Bosma oan kop by in maratontraining - Foto: Martin de Jong

Maratonkup

Grutte fragen by de maratonkup binne neffens de sportredaksje oft Manon Kamminga it maratonklassemint wint, kin Crispijn Ariëns Sjoerd den Hertog noch ynhelje en soe Merel Bosma in poadiumplak feroverje kinne?

Sneon wurdt it allegear bekend by de lêste wedstriid fan de KPN Marathon Cup yn de Ljouwerter Alvestêdehal. Irene Schouten wûn alle wedstriden dy't se oant no ta riden hat. Dochs stiet net Schouten, mar Kamminga boppe-oan. Sportferslachjouwer Andor Faber leit út: "Dat komt om't Schouten meardere wedstriden mist hat, trochdat se ek op de langebaan aktyf wie. Dêrtroch stiet Kamminga der it bêst foar."

Imke Vormeer stiet twadde en Schouten stiet op it tredde plak.

By de mannen stiet Den Hertog boppe-oan yn it klassemint. Ariëns stiet twadde en Mats Stoltenborg stiet tredde. Opfallend is dat de earste rider fan de Royal A-ware-ploech mei coach Jillert Anema pas werom te finen is op it sânde plak. Dat is Bob de Vries.

It ferslach fan de Maratonkup wurdt dien troch Roelof de Vries. De froulju begjinne om 18.45 oere en de manlju sette om 20.00 oere útein. De wedstriid is live te folgjen op de webside fan Omrop Fryslân en de Omrop-app.

(Advertinsje)
(Advertinsje)