Yn heger berop legere straf foar deadlike stekpartij Berltsum

01 mrt 2019 - 14:29

De 58-jierrige man dy't op 5 augustus 2017 yn sosjaal pensjon Welgelegen yn Berltsum in meibewenner delstuts, is yn heger berop feroardiele ta seis jier sel en tbs mei twangferpleging. De finzenisstraf is twa jier leger as de straf dy't de rjochtbank yn maaie ferline jier oplei. It Iepenbier Ministearje hie tsien jier sel en tbs easke.

Foto: Postema Media

It slachtoffer wie yn augustus 2017 by de man oan de doar kaam om wat te sizzen fan lûdsoerlêst. De fertochte stuts him en in oar. De oar, dy't it oerlibbe, krige in skeafergoeding fan 6.120 euro.

Neffens de advokate fan de feroardiele krongen de mannen de keamer fan de feroardiele binnen, en foelen se him oan. Hy soe sjoen ha dat ien fan de mannen wat yn de hân hie en dêrom helle er út mei in mes. Selsferdigening, sei de advokate.

Minder tarekkenber

It gerjochtshôf hat der by it heger berop, mear as de rjochtbank en it Iepenbier Ministearje, rekkening mei holden dat de man minder tarekkenber is. Neffens saakkundigen hat de man ferskate fersteuringen, wêrûnder skizofreny en in anty-sosjale fersteuring.

De saakkundigen sizze dat de man gjin of mar in bytsje empatyske fermogens hat. Hy joech by de sitting oan dat er sa gau as mooglik begjinne wol oan de tbs-behanneling. Dat kin, sei it hôf: "Teneinde hem nog enig perspectief op resocialisatie in de maatschappij te bieden."

De man hat earder tbs hân. Nei in stekpartij yn in biblioteek yn Deventer lei de rjochter ek tbs mei twangferpleging op.

(advertinsje)