Freedsmerk: "In learaar mei bêst sizze dat Trump in lul is, want dat is sa"

"In learaar mei bêst sizze dat Trump in lul is, want dat is sa." Dat hearden we freedtemoarn op de Ljouwerter freedsmerk. Oaren fûnen krekt dat - los fan de brûkte wurden - persoanlike mieningen fan dosinten der yn de klasse net ta dogge.
© Omrop Fryslân, René Koster
Mei in learaar syn eigen miening trochklinke litte? Dit fûnen se op de freedsmerk
"Bern binne maklik te beynfloedzjen en dêr moatte je mei oppasse." Earder fan 'e wike waard der in meldpunt ynsteld dêr't learlingen 'linkse propaganda' op skoalle melde kinne, want dat soe de spuigatten út rinne. "Hoezo, dat is vrijheid van meningsuiting toch?", sei de ien, wylst in oar krekt fynt dat dy frijheid foar in learaar bûten skoalle grutter is as dêr binnen.
"Het kan ook helpen kinderen te leren hun eigen mening te leren vormen", wie ek noch in argumint dat neamd waard. Wol wie der in algemien gefoel dat der in grins leit yn it jaan fan de eigen miening. In konkreet stimadvys foar in bepaalde politike partij bygelyks. "Mar soks lit ik my dochs net foarskriuwe?!", reagearre in studinte.