Van Basten lûkt 4.000 man

30 jun 2012 - 16:39

De earste training fan Marco van Basten luts sneontemiddei sa'n 4.000 Feanfans nei it Abe Lenstrastadion op It Hearrenfean. Ek wiene der in soad media yn it stadion om de earste training te folgjen. Sels it Arabyske Al Jazeera wie oanwêzich. Foar harren wie der in aparte parsekonferinsje organisearre.

Van Basten woe noch neat sizze oer de doelstellings fan It Hearrenfean, mar syn earste yndruk is posityf. De seleksje fan Hearrenfean is neffens him 'gretig en leergierig'. 'Je moet er het beste uit zien te halen'.

(advertinsje)
(advertinsje)