Ferpleger stelt fan bewenners en kollega's yn soarchsintrum Easterwâlde

01 mrt 2019 - 14:20

De plysjerjochter hat freed in 20-jierrige Drachtster feroardiele foar it stellen fan jild fan bewenners en kollega's yn soarchsintrum Stellinghaven yn Easterwâlde. Hy krige in wurkstraf fan 120 oeren en in finzenisstraf fan in moanne ûnder betingst.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De man wurke foarich jier augustus en septimber yn it soarchsintrum yn Easterwâlde en wie dêr ferpleger en skjinmakker. Yn krap twa moanne tiid hie de man sa'n tûzen euro stellen. Hy gie dêrby brutaal te wurk. Sa seach hy yn beurzen wylst de bewenners derby wiene.

De Drachtster hie jild nedich, omdat hy in reis nei Australië meitsje woe. Hy hat spyt krigen fan syn dieden en in ekskúsbrief skreaun.

(Advertinsje)
(Advertinsje)