Steggerda makket him wer op foar jierlikse karnavalsfeest

Karnaval hat in lange tradysje yn Steggerda. It klinkt miskien wat frjemd, mar yn it doarp yn de Stellingwerven fiere se dat al 56 jier. Karnavalsferiening De Bûtenbieners is eartiids ûntstien troch de katolike eftergrûn fan de streek.
© Omrop Fryslân, Auke Wietze Bosma
De karnavalsferiening hat mear as 400 leden fan 0 oant 80 jier en pakt ek dit wykein wer feestlik út, ûnder oanfiering fan prins karnaval Mattinus. De ôftraap is sneontejûn en foardat it feest losbarst, sil prins Mattinus de alve 'zotte Carnavalsregels' foardrage yn syn proklamaasje.
Foar de prins is de jûn slagge as er goed út syn wurden komme kin en dêr hat der in spesjale taktyk foar. "Ik drink altijd even zes biertjes en dan begin je wat makkelijker te praten, hè."
© Eigen foto
Ferslachjouwer Auke Wietze Bosma praat mei prins karnaval
De Bûtenbieners ferjitte ek jong en âld net. Se geane del by de basisskoallen en yn wensoarchsintrum Lycklama Stins yn Wolvegea is de rollatorpolonêze mei de bewenners ien fan de jierlikse hichtepunten.
Oanslutend is it grut feest yn kafee de Landerije yn Steggerda. Snein wurdt dêr ek de karnavals-famyljedei hâlden.