Gemeente Hearrenfean posityf oer hotel arbeidsmigranten: "We hebben deze mensen nodig"

Rebûlje op It Hearrenfean oer de komst fan in hotel foar arbeidsmigranten oan de westkant fan it plak. It bedriuw Rotteveel M4 út Alkmaar wol in hotel delsette op in bedriuweterrein dêr. De eigener fan it bedriuw is optimistysk, mar omwenners ferwachtsje oerlêst.
Inisjatyfnimmer hotel arbeidsmigranten It Hearrenfean optimistysk, omwenners net
In ynformaasjegearkomste fan tongersdei hie soargen by omwenners fuort helje moatten, mar dat is net slagge. "Informatie was een groot woord", seit in omwenner. "Er hingen wat tekeningen van hoe het er van binnen uit gaat zien. Maar wat boeit het mij nou waar die lui hun douche krijgen? Het gaat erom dat je weet wat de bedoeling is."
Neffens in oare man wurde de keammerkes foar de migranten lyts. Neffens inisjatyfnimmer Bert Rotteveel fan it hotel is dat op oare plakken wolris sa: "Op plakken dêr't minsken foar oerlêst soargje, binne se oer it algemien hiel min húsfeste, op lytse keammerkes mei min deiljocht. Dêr wurde je net bliid fan. As Friezen sa húsfeste wurde, soene se ek jûns op paad gean.

Gemeente is posityf

De gemeente Hearrenfean is posityf oer de komst fan in arbeidsmigrantehotel. Wethâlder Jaap van Veen: "We hebben deze mensen nodig om onze economie draaiende te houden. Daar hoort dan ook onderdak bij."
Van Veen wie lykwols net te sprekken oer de ynformaasjegearkomste. "Het was daar vies, de koffie lauw en je kon niet zien wie er was om informatie te geven." Hy twivelet dan ek oft Rotteveel wol de goede partij is foar de realisaasje fan sa'n hotel. "We moeten het daar in het college (fan B & W. red.) nog maar een keer goed over hebben."

Oerlêst beheind

Dochs tinkt Van Veen dat de lokaasje geskikt is en dat mooglike oerlêst beheind wurdt. "Juist omdat we zo'n hotel kunnen controleren. We kunnen daar gaan handhaven als het moet. Er komt een beheerdersechtpaar te zitten die ook zorg draagt voor integratie van de mensen in de buurt. Zij grijpen ook in bij overlast."
Op koarte termyn wol de gemeente Hearrenfean in ynformaasjegearkomste organisearje foar omwenners om tekst en útlis te jaan oer de plannen dy't der binne.
Twa omwenners dy't har soargen meitsje
It hotel, dat romte jaan moat oan maks 120 arbeidsmigranten, soe komme moatte yn it âlde gebou fan it Friesland College oan de Jousterwei, yn de wyk Nijehaske. It bestimmingsplan moat dan noch wol oanpast wurde.
Tsjinstanners fan it hotel ha in petysje opstart.
De situaasje op It Hearrenfean is dêr lykwols net mei te ferlykjen, seit Rotteveel. "Us opdrachtjouwer siket goede, kwalitative húsfêsting en hat dêrom ús frege. Ast in moaie keamer hast, dêr't alles op en oan sit, dy't kreas ynrjochte is, mei in goed bêd, in tafel dêr'tst goed oan ite kinst en in bank dêr'tst lekker op ûnderútsakje kinst, dan is der neat oan de hân."
Se ha jûns echt gjin nocht mear om op paad te gean, mits se in knappe keamer ha.
Bert Rotteveel
"Net ferjitte: dy minsken komme hjir it wurk dwaan, dêr't spitigernôch in protte Nederlanners gjin sin oan ha", seit Rotteveel. "En dy minsken wurkje hiel hurd: tsien oeren deis, seis dagen yn de wike. Dy ha jûns echt gjin nocht mear om op paad te gean, mits se in knappe keamer ha. Dêryn ferskilt in Poal net fan in Fries."

Dochs noch soargen

Feit is wol dat de ynformaasjegearkomste de soargen by omwenners net fuort nimme koe. Dat wie wol de bedoeling. "We witte dat de earste reaksje fan de buert gjin applaus is", seit Rotteveel. "Dêrom nimme we meastal sels it inisjatyf om de buert te ynformearjen, want we fine it hiel ferfelend dat se de oanfraach lêze moatte yn de gemeentlike publikaasjes, wylst se fan neat hearre. Dêrom wolle we direkt mei se kommunisearje, fertelle wat de plannen binne."
Nederlân wurdt hieltyd mear ôfhinklik fan bûtenlânske wurknimmers foar banen dy't Nederlanners net dwaan wolle of kinne. In pear jier lyn wiene al sa'n 750.000 bûtenlanners oan de slach yn Nederlân. Dat wurde nei alle gedachten mear, want de ferwachting is dat de kommende jierren allinnich al út de Europeeske Uny goed 50.000 ekstra minsken de gatten folje moatte dy't ûntstean troch it personielstekoart yn Nederlân.