Fermist Grinzer famke (16) oantroffen yn Ljouwert
In famke fan 16 jier út Grins, dat al sûnt 14 febrewaris fermist wie, is tongersdei oantroffen yn Ljouwert. Dat skriuwt RTV Noord.
De plysje hat net bekend makke wêr't it famke de ôfrûne wiken west hat.