NVWA hellet 59 fertutearze kij fuort by feehâldster Jorwert

01 mrt 2019 - 11:18

De Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit (NVWA) hat 59 kij fuorthelje litten by in boerinne yn Jorwert. De bisten hiene gjin drûch en skjin lisplak en wiene slim fertutearze. De 65-jierrige boerinne hie 99 kij op har bedriuw.

Foto: NVWA

Benno Bruggink fan de NVWA

De waakhûn NVWA hat earder al aksje ûndernommen tsjin de feehâldster, omdat se har bisten net goed fersoarge. Se krige doe in proses-ferbaal en boeten. Yn jannewaris hat de NVWA, op kosten fan it bedriuw, de agraryske bedriuwsfersoarging ynset.

Noch net yn oarder

By in ynspeksje tongersdei die bliken dat de húsfêsting fan de kij noch hieltyd net yn oarder wie. Dêrop besleat de NVWA de bisten fuorthelje te litten. Neffens Benno Bruggink fan de NVWA wiene de bisten der tige min oan ta. "Ze waren ernstig vervuild en waren daar gewoon niet op hun plek."

In opsje foar de NVWA wie om de bisten op kosten fan de feehâldster ûnder te bringen by in opfangadres. De frou hat der lykwols foar keazen de 59 kij te ferkeapjen oan in feehanneler.

Ein ferline jier hie de ekonomyske plysjerjochter al besletten dat de feehâldster maks fjirtich stik fleisfee hâlde mocht. "Deze veertig zijn er nu nog over en die gaan we in de gaten houden of het nu beter gaat", seit Bruggink.

6 moanne gjin bisten oanfiere

Omdat tongersdei bliken die dat de bisten noch hieltyd net goed húsfeste binne, hat it Iepenbier Ministearje noch in ekstra maatregel oplein. De frou mei seis moanne lang gjin bisten mear oanfiere op it bedriuw. De NVWA sil dêr tafersjoch op hâlde. Bruggink: "We gaan er niet elke dag kijken, maar we houden het wel scherp in de gaten."

Trefwurden: 
Ljouwert NVWA feehâlderij
(advertinsje)
(advertinsje)