Boargemaster Crone slút wer drugswenning yn Ljouwert

01 mrt 2019 - 11:04

Boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert hat wer in drugswenning yn de stêd sletten. It giet om in hûs oan de Telemannstrjitte.

Foto: Politie.nl

Yn dat hûs trof de plysje in himpplantaazje oan. De risping wie krekt knipt. It giet om 9100 gram oan himp. Dat is yn striid mei de Opiumwet.

In wike lyn sleat Crone ek al in wenning oan de Wismastate. Dêr trof de plysje 25 himpplanten oan.

(advertinsje)