Nij swimbad Bûtenpost komt op parkearterrein njonken it âlde bad

It nije swimbad fan Bûtenpost komt definityf op it parkearterrein njonken it hjoeddeiske bad De Kûpe. Wethâlder Jouke Spoelstra fan de gemeente Achtkarspelen makke tongersdeitejûn bekend dat de lpg-ynstallaasje fan de njonkensteande garaazje ferdwine sil. Dat makket it paad frij foar de realisaasje fan it nije swimbad.
Swimbad De Kûpe yn Bûtenpost © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De wurksumheden moatte takom jier úteinsette. It nije swimbad soe dan yn it twadde fearnsjier fan 2021 klear wêze moatte. Oant it nije swimbad klear is, kinne minsken swimme bliuwe yn de âlde Kûpe.
It nije swimbad wurdt folslein enerzjyneutraal. Sa komme der sinnepanielen op it dak en wurde der oare ynnovative maatregels nommen.