Miljoeneferlies foar wurkmaatskippij Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel

01 mrt 2019 - 09:49

De wurkmaatskippij fan de gemeenten Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel hat ferline jier in stevich ferlies notearre. Neffens wethâlder Harjan Bruining fan Achtkarspelen kin it ferlies oprinne oant sa'n 900.000 euro de gemeente.

De riedseal fan Achtkarspelen - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De hegere kosten kamen begjin dizze wike foar it ljocht by it gearstallen fan de jierrekken fan it ôfrûne jier. Wethâlder Bruining fertelde tongersdei oan de gemeenteried dat der op it stuit in finansjele analyze makke wurdt. Neffens him liket it derop dat it grutste part fan it ferlies troch ynsidintele posten feroarsake is.

Fraksjes bot fernuvere

Ek de ried fan Tytsjerksteradiel waard tongersdeitejûn bypraat oer de reade sifers. De fraksjes yn Achtkarspelen reagearren bot fernuvere oer de negative finânsjes fan de wurkmaatskippij.

(advertinsje)
(advertinsje)