Rendert Algra foar de lêste kear foarsitter by ledegearkomste BFVW

01 mrt 2019 - 08:53

Rendert Algra sil freedtejûn foar de lêste kear de algemiene ledegearkomste fan it Bûn fan Fryske Fûgelwachten (BFVW) foarsitte. De Jobbegeaster leit nei seis jier foarsitterskip syn funksje del. It wiene rûzige jierren. De diskusje oer it aaisykjen like ien sûnder ein en it oantal frijwilligers naam yn rap tempo ôf. Hoe sjocht Algra op dizze perioade werom?

Rendert Algra by de ledegearkomste fan it BFVW yn 2016 - Foto: Henk Bootsma

Rendert Algra oer syn jierren as foarsitter by it BFVW

Neffens de statuten mei Algra noch seis jier trochgean, mar dêr kiest hy net foar. "Ik fyn dat der in tiid fan kommen en in tiid fan gean is." Eartiids wie it wol sa dat foarsitters de folsleine perioade fan tolve jier folmakken, seit Algra. "Mar dan wurde je tefolle 'vereenzelvigd' mei in organisaasje. Seker by in organisaasje as it Bûn fan Fryske Fûgelwachten moatte je sjen litte dat it in frisse organisaasje is, dêr't in hiel soad frijwilligers achter stean, en dan moatte je net jierren achterinoar itselde gesicht as boechbyld kieze."

Sels gjin aaisiker

"It ha bêst drege jierren west, seker de diskusje oer it aaisykjen. Dat binne net leuke diskusjes", seit Algra. "Ik bin sels gjin aaisiker, mar wol in grut foarstanner fan it aaisykjen. Ik bin ek fan miening dat it aaisykjen ûnskuldich is oan de weromgong fan de ljip." De ljip giet troch mei it lizzen fan aaien oant dat er it nêst útbriede kin. "Dat betsjut dat as je der in aaike weihelje, dat dat gewoan wer weromkomt. De natuer lost dat gewoan op."

Yn 2015 waard it aaisykjen ferbean. Earst troch de Ried fan Steat en letter ek troch de provinsje, dy't gjin fergunning ôfjaan woe. Neffens Algra hat dat soarge foar it weromrinnen fan it oantal frijwilligers fan it BFVW. "It wie de boarne foar de frijwilligers. Earst aaisykje, earst dy kompetysje oangean, de spanning en ek it plezier fan it moaie waar yn it fjild. Dêrfan genietsje en ferfolgens oan de slach om te soargjen dat de nêsten dy't der binne ek bliuwe kinne. Dat der aaien útbret wurde kinne en dat de piken grut wurde kinne. Dy kombinaasje is eins it bestean, de besteansoarsprong, fan it Bûn fan Fryske Fûgelwachten."

Minder foarstanners fan it aaisykjen

Fan sa'n 5.000 frijwilligers is it BFVW yn goed twa jier tiid weromgien nei in 3.500. Dat oantal liket op it stuit te stagnearjen, seit Algra. "We fleane net mear by bakken wer werom yn de frijwilligers, mar de oanwaaks is wol lytser as doe't it aaisykjen der noch wie." Mar ek binnen it BFVW rint it persintaazje grutte foarstanners fan it aaisykjen werom. Fjouwer jier lyn lei dat neffens Algra noch op 80 persint, no leit dat op 36 persint. Sa'n 42 persint fan de leden fynt de neisoarch en de takomst fan de natuer no belangriker.

Rendert Algra - Foto: Omrop Fryslân

Benammen op it mêd fan de profesjonalisearring hat it BFVW stappen foarút set neffens Algra. "Wy binne de monitoaringsorganisaasje wurden, as it giet om greidefûgels en in hiel soad oare fûgels yn Fryslân." Dat is foaral ek belangryk foar boeren dy't oan agrarysk natuerbehear dogge. "Lizze der wol aaien, komme der wol piken, koartom dy resultaten yn it fjild wurde allegear yn kaart brocht troch frijwilligers fan it Bûn fan Fryske Fûgelwachten. Dat is frijwilligerswurk, mar der wurdt wol in profesjonele útkomst frege en dan fernimme je dat frijwilligerswurk net frijbliuwend is."

Dit jier wurdt der foar it earst wurke mei koördinatoaren dy't foar elk gebiet hiel dúdlik oanjouwe wat der wol en net kin en wat de opbringsten binne. Algra: "Ik ferwachtsje dat dy opbringsten in hiel belangrike graadmjitter wurde foar de beslútfoarming yn de polityk."

Earste ljipaai "fantastysk"

Nettsjinsteande de rûzige tiden kin Algra syn jierren by it BFVW mei in moaie opstekker ôfslute: it earste ljipaai yn Nederlân fan dit jier waard tongersdei fûn yn Fryslân, by Vegelinsoard. Noch nea earder waard der sa betiid in ljipaai oantroffen yn ús lân. "Ik bin bliid dat we de earste yn febrewaris ha en dat it dan ek noch it earste aai fan Nederlân wie. Dy kombinaasje wie fantastysk."

Foarsitter Rendert Algra wurdt by it Bûn fan Fryske Fûgelwachten opfolge troch Frans Kloosterman. Oant foarich jier wie Kloosterman wethâlder yn de gemeente Weststellingwerf.

(advertinsje)
(advertinsje)