Kollum: "Flomhûn"

01 mrt 2019 - 08:28

"Us puppy Timmy is in alleraardichst hûntsje! It is krekt in lyts bearke en ast him sjochst, wolst him wol opfrette! De bern boartsje mei him en alle moannen as ik ûnder kom, hinget er yn myn badjas, bliid dat ik der wer bin. Nachts is er noch net skjin, mar oerdei hast wol.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Hilda Talsma

Hy kin sels bûten komme, omdat er noch krekt troch it kattelûkje past. Jûns dogge wy dat ticht. Ik wol net dat er dan bûten omspaant, want hy krûpt ûnder it stek troch sadat er by de hynders komme kin. Hy sit gewoan tusken harren yn it hea te iten, dat er fansels net lekker fynt, en hy daget Mindert út.

Dan wol er mei him boartsje, hinget er yn syn moannen of giet er ûnder it grutte Fryske hynder lizzen. Doe't ik de hynders nei it lân brocht, krige Timmy it tou fan 'e bine yn 'e bek, dus ik liet it los. En sa rûn it lytse hûntsje foarop mei dy grutte Mindert der achteroan. It wie in prachtgesicht! Dochs ha ik leaver net dat er allinnich by de hynders is, dus dat stik ha we no ôfsluten. De hynders sille net mei 't sin op him stean gean, mar se kinne ek skrikke en oan 'e kant springe.

Sa'n lyts leaf hûntsje makket it bêste yn alle minsken los want it is de puerste foarm fan leafde. 'Dy eachjes! Streekrjocht út 'e himel wei!' sei immen tsjin my. Mar al hoe leaf oft er ek is, tagelyk is it ek in dikke boef. Hy hellet de handoeken fan it waskrekje en dy lytse skerpe toskjes set er oeral yn.

Foto: Hilda Talsma

Ik ha de ôfrûne wike ek in pear aparte dingen meimakke. Ik tocht bygelyks nei oer in grutter hûnelûk, mar hie noch neat opsocht op it ynternet. En doe ynienen krige ik op Facebook in advertinsje op myn tiidline fan deeglike houten hûnelûken. It wie presys wat ik socht, dochs hie ik der allinnich noch mar oan tocht. Ik wit wol datst drekt advertinsjes foar dyn snút krijst ast eat opsocht hast op it ynternet, mar Mark Sûkerberch wit skynber ek al wêr't we oantinke en Bol.com kaam ek del mei in rige hûneguodadvertinsjes.

En doe't ik ôfrûne moandei by de Intratuin wie om fioeltsjes, kaam der immen achter my stean by de kassa mei in hûn dy't sprekkend op Timmy like. Dizze wie âlder en grutter, hie in spitsere snút en langere earen mar fierder wie it hast deselde hûn. Dus ik frege it baaske hokker ras it wie en wy rekken oan 'e praat. Ik liet in foto sjen fan Timmy en it die bliken dat har hûn by deselde fokker weikaam.

Se hiene deselde ûnderfining as ús, mar har hûn wie in hiel leaf en rêstich bist. It wie wol tafallich want ik sjoch noait sa'n hûn en ynienen stie der ien achter my. Dus no wit ik ek hoe't Timmy der aanst útsjen sil. En mear nijs ha 'k eins net. Ik ha gjin idee wat him fierder ôfspilet yn 'e wrâld. Kranten lês ik net, want dy lizze op 'e grûn sadat Timmy der op skite kin.

Wat ik noch wol meikrigen ha, is dat it nije Fryske wurd foar 'kut' in 'flomke' is. Persoanlik docht it my tinken oan in grutte, griene rachel. Freondinne Martsje freget har ôf oft wy dan no ek in flommes binne ynstee fan in frommes en ik skriuw kollums by Flomrop Fryslân. It slacht as in lul op in flomstel. Ik hear mysels ek net 'Flomhûn' roppen as Timmy aanst in kear eat ferfret, dus ik fyn it mar in kutwurd!"

(Advertinsje)
(Advertinsje)