Feroarsaker ûngelok Sweins "nei alle gedachten" ûnder ynfloed fan drugs

By in ûngelok op de A31 by Sweins binne tongersdeitejûn trije minsken ferwûne rekke, wêrfan ien swier ferwûne. In automobilist (32) út de gemeente Waadhoeke klapte efterop in auto mei twa Harnzers fan 70 en 62.
© Srfotografie
By de automobilist is in flibetest ôfnommen. Neffens de plysje wie hy nei alle gedachten ûnder ynfloed fan drugs.
De slachtoffers binne nei it sikehûs brocht.