Drachtster sjongtalint docht mei oan Prinses Christina Concours
It wurdt in spannend wykein foar de 20-jierrige Gideon van de Weg út Drachten. Hy docht mei oan de noardlike edysje fan it Prinses Christina Concours, in foarronde foar it lanlike festival.
It Prinses Christina Concours is bedoeld foar jongeren dy't har dwaande hâlde mei klassike en jazzmuzyk. Gideon sjongt sûnt syn sechsde yn it Kamper Boys Choir. Hy wol mooglik ek solo fierder.
De fraach is oft in profesjonele sjuery dêr ek entûsjast oer is en dat besiket Gideon op it konkoers út te finen. Mear ynformaasje oer it konkoers is te finen op de webside christinaconcours.nl. Dêr is ek it programma fan de noardlike edysje, freed, sneon en snein yn Grins.