Sjerpwafels foar personiel fleanbasis Ljouwert

28 feb 2019 - 21:24

In lekker kadootsje tongersdei foar de militêren fan de fleanbases yn Ljouwert en Volkel. Se krigen fan in bakker út Den Haag doazen fol sjerpwafels. De bakker woe it personiel fan de fleanbasis sa betankje foar harren ynset yn it Midden-Easten. De misje yn de striid tsjin IS rûn ein 2018 ôf.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Ferslachjouwer Hayo Bootsma is op de Fleanbasis Ljouwert

It inisjatyf komt fan Willem Nugteren en Marnix Herfst fan it bedriuw Stroopwafel World. Sy fûnen dat der eins te min omtinken wie foar de misje yn it Midden-Easten en dat de militêren it wol fertsjinnen yn it sintsje set te wurden. Herfst: "We hopen dat deze actie wat sympathie oplevert, want wat ze daar deden was voor de goede zaak." Nugteren follet oan: "Maar vooral omdat ze na zo'n lange missie eigenlijk bijna geen aandacht hebben gekregen. Daar willen we de aandacht op vestigen."

Op de Fleanbasis Ljouwert waard entûsjast reagearre op de levering fan de sjerpwafels. Kommandant Arnoud Stallman: "We krijgen ook wel vaak brieven die ons ondersteunen. Dat vind ik ook heel leuk. Alles uit positiviteit. Vind ik echt hartstikke leuk."

It liket wat tradysje te wurden, dit jaan fan sjerpwafels oan militêren. Earder krige it Korps Mariniers fan in Enschedeeske bakker ek al doazen fol fan dizze swiete wafels.

(advertinsje)