Kontenerramp mei de MSC Zoe mooglik feroarsake troch sânbank

28 feb 2019 - 20:42

De ramp fan begjin jannewaris mei de MSC Zoe is mooglik feroarsake trochdat it kontenerskip de grûn rekke hat. Dat melde meardere boarnen.

Foto: Kustwacht Nederland

Ien fan de boarnen is de eardere boargemaster fan It Amelân, Albert de Hoop. De waarsomstannichheden yn de nacht dat it skip op syn minst 345 konteners ferlear, wiene net sa min dat dy it grutte kontenerskip yn 'e problemen bringe koene. De Hoop tinkt dêrom dat der in oare oarsaak is, wêrby't neffens him in sânbank in serieuze opsje is.

"Er zijn mensen die zeggen dat het de zijdelingse impact van een golf is geweest. Maar dat kan het niet zijn met dit type schip en deze weersomstandigheden. Dit is een oceaanreus, die tegen veel extremere omstandigheden bestand is. Als je gaat afstrepen, is het raken van een zandbank een serieuze optie", seit De Hoop.

kontenerskip MSC Zoe - Foto: Wikimedia Commons

Fjouwer meter ûnder de kyl

De MSC Zoe is ien fan de grutste kontenerskippen fan de wrâld. It skip is hast 400 meter lang, 60 meter breed en it hat in djipgong fan 16 meter. Op it momint fan de ramp fear it skip yn de lytse fargeul, dy't it tichtst by de Waadeilannen leit. Dy fargeul is sawat 20 meter djip.

Dútske Havariekommando: twa kear grûn rekke

Plakferfangend direkteur Schmidt fan de Havariekommando yn de Dútske dielsteat Nedersaksen tinkt ek dat it reitsjen fan de grûn wolris de oarsaak wêze kin fan de kontenerramp. De Havariekommando is ferantwurdlik foar de feiligens op see en oan de kust.

Schmidt hat syn miening kenber makke op in diskusje oer it ûngelok op in gearkomste fan in miljeukommisje fan it dielsteatregear Nedersaksen. It skipfeartblêd Schuttevaer makket dêr melding fan. Schmidt seit net út te sluten dat it gigantyske kontenerskip yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris twa kear de grûn rekke hat.

As sa'n grut skip as de MSC Zoe de grûn rekket, kinne der grutte krêften frijkomme, sizze Schmidt en âld-boargemaster De Hoop ôfsûnderlik faninoar. Dat soe ek fan ynfloed wêze kinne op it feit dat der safolle konteners oerboard slein binne.

Foto: Onderzoeksraad voor Veiligheid

Undersiker: "Sterke oanwizings dat it skip wat rekke hat"

Dan is der noch in tredde persoan dy't sterke fermoedens hat dat it skip wat rekke hat. It giet om in ûndersiker dy't al sûnt jierren dwaande is mei feiligensmaatregels op grutte kontenerskippen.

"De containers zijn met grof geweld in het middelste deel van het schip gevallen. Dat is een heel sterke aanwijzing dat het schip iets heeft geraakt. Het schip heeft in die vaargeul nog maar een paar meter over. Een zandbank raken op deze plek is een reële optie", seit de ûndersiker. Hy wol net mei syn namme yn de parse omdat er noch heard wurdt troch de Undersyksried foar de Feiligens. Dy organisaasje is dwaande mei in ûndersyk nei de ramp mei de MSC Zoe.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Als het schip voorwaarts een beweging zou hebben gemaakt, zouden ze niet op deze plek van het schip zijn gevallen.

Ald-boargemaster Albert de Hoop fan It Amelân

Ferwrongen stiel yn it midden fan it skip

Ald-boargemaster De Hoop: "Een schip dat met de grond in aanraking komt, raakt uit het lood. Zo simpel is het. En dat geeft enorme krachten op de containers die aan dek staan. En als ze dan niet allemaal goed vaststaan, dan willen ze wel. Zeker als een door de klap geschrokken stuurman bij voorbeeld ook nog eens aan zijn stuurwiel draait."

Hy wiist dêrby op de foto's fan it rampskip. "Het is allemaal verwrongen staal. Voornamelijk in het midden van het schip. Als het schip voorwaarts een beweging zou hebben gemaakt, zouden ze niet op deze plek van het schip zijn gevallen. Dan waren alleen containers aan de buitenkant of op de boeg over boord gegaan. Deze beelden duiden toch echt op een fikse klap. En dat past heel goed bij het raken van een of meerdere zandbanken."

Undersyk oer in pear moanne klear

It ûndersyk nei de ramp is yn folle gong. Dat wurdt net allinnich troch de Undersyksried foar de Feiligens dien, mar justysje is ek mei in strafrjochtlik ûndersyk úteinset. Nei ferwachting sil it noch wol in pear moanne duorje foardat de ûndersiken klear binne. Oant dy tiid wolle de belutsen ynstânsjes net reagearje.

Ien fan de grutste kontenerskippen yn de wrâld, de MSC Zoe út Panama, hat yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 op syn minst 345 konteners ferlern. Dat barde krekt boppe de Fryske Waadeilannen. Al it nijs oer de kontenerramp is te finen op de dossierside.

Trefwurden: 
MSC Zoe kontenerramp sânbank
(Advertinsje)
(Advertinsje)